Omrop Fryslân สาธารณะ
[search 0]
เพิ่มเติม
ดาวน์โหลดแอปเลย!
show episodes
 
Artwork

1
Sportcast

Omrop Fryslân

Unsubscribe
Unsubscribe
รายสัปดาห์
 
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
  continue reading
 
Loading …
show series
 
De komst fan Robin van Persie nei Sportklup Hearrenfean sil in grutte impact hawwe. Dat tinkt âld-spiler en -trainer Tieme Klompe, dy't it yn de Sportcast fan Omrop Fryslân fergeliket mei it oanstellen fan Marco van Basten.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Ferry de Haan ferwachtet dat oer in pear wiken dúdlik is wa't de nije trainer wurdt fan sc Hearrenfean. Dat der in akkoart is mei VVV Venlo-trainer Rick Kruys, ûntkent de algemien direkteur fan de Feansters yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Wa moat de nije trainer fan sportklup Hearrenfean wurde? Wurdt it Maurice Steijn? Rick Kruys? Robin van Persie? Âld-sportferslachjouwer Willem de Vries hat wol in foarkar en dat is net ien fan dizze trije.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
SC Cambuur hellet de play-offs om promoasje nei de earedivyzje, nettsjinsteande it swiere programma dat de Ljouwerters noch hawwe. Dy ferwachting sprekt oanfierder Daniël van Kaam út yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
De kâns is libbensgrut dat SC Cambuur op koarte termyn Lars Lambooij presintearje sil as nije technysk manager. Dêrfoar moatte de Ljouwerters 100.000 euro betelje. Yn de Sportcast binne de mienings dêroer ferdield.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Sipke Hulshoff is de dreamde kandidaat foar Sportklup Hearrenfean om de ôfskie nimmende Kees van Wonderen op te folgjen. Dat seit âld-fuotballer Sandor van der Heide yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Henk de Jong giet net nei Liverpool. De trainer fan de Ingelske topklup, Jürgen Klopp, hie him útnoege om ris del te kommen. Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân docht bliken dat De Jong dêr net op yn giet.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Kees van Wonderen hâldt nei dit jier op by SC Hearrenfean. Yn de Sportcast sjogge de oanwêzigen mei de trainer werom op syn tiid yn Fryslân. Ek rjochtsje se de blik nei de takomst. Wat sil er nei de simmer dwaan, en wa moat it stokje fan him oernimme?โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Trainer Johnny Jansen is sûnt in heal jier haadtrainer by PEC Zwolle. Snein komt hy wer werom nei it Abe Lenstra Stadion foar de wedstriid tsjin PEC Zwolle. Oait tinkt hy der ek wol oan om noch werom te kommen by Hearrenfean.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Der is eins gjin thúswedstriid fan Sportklup Hearrenfean dy't earefoarsitter Riemer van der Velde oerslacht. Mar alle kearen nei it Abe Lenstra Stadion is dit seizoen net altyd like maklik, sa jout de 83-jierrige âld-bestjoerder ta yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Ard de Graaf is bliid dat SC Cambuur yn de heale finale fan de KNVB-beker in thúswedstriid spilet. Al sân jier rint de algemien direkteur fan de klup nammentlik mei in 'bekertraumaatje' rûn, fertelt er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
It is in teken fan swakte dat Kees van Wonderen noch net wit oft sc Hearrenfean syn ôfrinnende kontrakt ferlinge wol. Dat fynt âld-trainer Gertjan Verbeek.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
It is foarearst klear mei Andries Noppert op 'e goal by sc Hearrenfean. Trainer Kees van Wonderen moat Mickey van der Hart de foarkar jaan, falt te hearren yn de Sportcast.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Martijn Barto is no noch assistint-trainer fan SC Cambuur, mar op termyn hopet er sels de einferantwurdlikheid te hawwen. Dat seit de âld-fuotballer yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Der wurdt dizze winterske transferperioade gjin fjoerwurk ferwachte by SC Cambuur. Dat is tritich kilometer fierderop by sc Hearrenfean hiel oars. En yn de Sportcast is beslach lein op it 'polletje' fan Andries Noppert.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Jan de Jonge is krekt werom út Libanon en wol wer oan de slach yn de fuotbalwrâld yn Nederlân. In amateurklup of by syn âlde leafde Hearrenfean. De Jonge is beskikber, sa fertelt hy yn de Sportcast.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Reedrydcoach Jillert Anema hat sneon de oeuvrepriis fan Sport Fryslân krigen. 'It orakel fan Bontebok' wurdt priizge foar hoe't er it bêste út syn riders krije kin, mei syn soms ûnkonvinsjonele oanpak. De priis waard útrikt yn 'Sportkafee Bakker en De Vries'. Jillert Annema wie tegearre te gast mei Cambuur-trainer Henk de Jong. Yn de podcast seagen…
  continue reading
 
It is de tiid fan weromsjen, foarútsjen en it meitsjen fan goeie foarnimmens. We sjogge yn de Sportcast werom op it fuotbaljier 2023 yn in spesjale krystôflevering.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Yn de winterstop sil Ferry de Haan, direkteur fan sc Hearrenfean, om tafel mei trainer Kees van Wonderen oer syn ôfrinnende kontrakt. Klupikoan Foppe de Haan soe it ferlinge, mar hat noch wol in tal opmerkings. Dat seit er yn de Sportcast.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Henk de Jong hopet dat syn ôfrinnende kontrakt ferlinge wurdt en dat er ek de kommende jierren trainer is by SC Cambuur. Dat fertelt de Drachtster yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Sportklup Hearrenfean swingde freedtejûn. It stadion genoat, it fuotbal wie moai en Hearrenfean wûn mei 3-0 fan Almere City. Dochs binne der neffens âld-fuotballer Geert Jelle de Vries ek soargen. Foaral finansjeel.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Dat technysk direkteur Etiënne Reijnen al nei in healjier fuort giet by SC Cambuur, is eksimplarysk foar it gebrek oan loyaliteit yn de fuotbalwrâld. Dat sizze de sportferslachjouwers yn de Sportcast.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
It is noch krekt gjin nasjonale diskusje: wa moat der yn de spits by sc Hearrenfean? Is dat Daniel Karlsbakk? Moat dat Ion Nicolaescu wurde? Of moat Pelle van Amersfoort der yn? Dy lêste is te gast yn de Sportcast en skoarde de lêste kompetysjewedstriid syn earste goal fan dit seizoen. "Het vrat aan me."…
  continue reading
 
It giet hieltyd better mei sportklup Hearrenfean. De ploech spilet better en is opklommen nei it tsiende plak. Mar oft dêrmei it lek folslein boppe is, oft trainer Kees van Wonderen wis is fan syn plak op de bank en oft de play-offs dit seizoen wol helle wurde, is noch mar de fraach.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
De wikseling fan trainer by SC Cambuur hat in positive wurking hân. Neist dat der ûnder trainer Henk de Jong no twa kear wûn waard, sjocht it fuotbal der ek better út. Dat fynt âld-fuotballer Sandor van der Heide.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
SC Cambuur stekt de wierheid fan it konflikt tusken trainer Henk de Jong en Silvester van der Water mei opset sin yn 'e dôfpot. Dat sizze de beide Cambuurferslachjouwers fan Omrop Fryslân yn de Sportcast.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
As it oan earefoarsitter Ype Smid fan SC Cambuur lein hie, dan hie trainer Sjors Ultee ôfrûne simmer dien krigen. Yn de Sportcast leit Smid út dat hy Fred Grim in bettere kandidaat fûn.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Luuk Brouwers is troch sc Hearrenfean fan FC Utrecht oernaam en sa is hy wer werom by trainer Kees van Wonderen. Yn de Sportcast praat hy oer syn bân mei de trainer, oer syn tiid by FC Utrecht en de krityk op Van Wonderen.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Dat Sjors Ultee dien krigen hat by SC Cambuur, kin net los sjoen wurde fan de beskikberheid fan Henk de Jong. Dat is de lêzing yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
De malêze dêr't sc Hearrenfean op dit stuit yn sit, komt mei trochdat Andries Noppert syn nivo net hellet. It geduld fan sportferslachjouwer Roelof de Vries mei Noppert rekket op, sa seit er yn de Sportcast.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
SC Cambuur kin kampioen wurde fan de earste divyzje. Dat tinkt Michael Breij. Al moat de ploech dan wol folwoeksenheid toane as it yn in mindere faze sit, sa seit Breij yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
It is wer safier: ús lân hat wer in nasjonale keepersdiskusje. Wa moat by it Nederlânsk alvetal op 'e goal stean no't Justin Bijlow blessearre is? As direkteur Ferry de Haan fan sc Hearrenfean de bûnscoach wie, dan hie er foar Andries Noppert keazen.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Ynvestearder Bert van den Brink sit noch gewoan yn it stiftingsbestjoer fan SC Cambuur. Yn de Sportcast wurde de geroften tsjinsprutsen dy't marketeer Chris Woerts ferline wike de wrâld yn holp yn it programma Vandaag Inside.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
De doelman is mei syn klup sc Hearrenfean yn petear oer kontraktferlinging, mar neffens de analisten fan Omrop Fryslân kin hy better de stap nei in oare klup meitsje.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Ald-fuotballer Sandor van der Heide stekt syn bewûndering foar Wiebe Kooistra en Ion Nicolaescu net ûnder stuollen of banken. Beide manlju skoarden by harren debút. De ien rêde foar SC Cambuur in punt tsjin FC Emmen en de oar makke de hege ferwachtings wier mei de iepeningstreffer foar sc Hearrenfean tsjin RKC Waalwijk.…
  continue reading
 
As alles neffens plan ferrint, kin Henk de Jong yn septimber wer oan it wurk. De fuotbaltrainer is no noch herstellende fan de operaasje oan syn holle. Dêr by is in grut part fan in kyste fuorthelle.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Der leit nochal wat op syn buordsje: it segryn fuortspiele fan foarich seizoen, it gearstallen fan in nije seleksje en it oplossen fan de kwestje fan de twa haadtrainers. De nije technysk direkteur Etiënne Reijnen fan SC Cambuur wol der noch net safolle oer kwyt.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Hearrenfean-spits Sydney van Hooijdonk sjocht mei mingde gefoelens werom op syn tiid by sportklup Hearrenfean. Yn de Sportcast fertelt hy oer syn eigen ûntwikkeling, oer it famyljegefoel by de klup en oer it ôfrûne seizoen. "We zijn nooit echt stabiel geweest."โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
As it oan Michel Vlap leit, sit it aventoer fan sc Hearrenfean yn de play-offs der nei ien ronde op. Vlap spilet by FC Twente en dat is de tsjinstanner yn de earste ronde fan de neikompetysje.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Der moat op it middenfjild fan sc Hearrenfean in spiler by dy't in doelpunt meitsje kin. Ambassadeur fan Hearrenfean Hans Anker hat wol in suggestje: âld-Cambuurspiler Sander van de Streek.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
It is it hichtepunt fan syn karriêre: Sipke Hulshoff waard snein as assistint-trainer fan Feyenoord kampioen fan de earedivyzje. Moandei waard de ploech huldige op de Coolsingel yn Rotterdam.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
SC Cambuur-direkteur Ard de Graaf wol net al te hege ferwachtings sketse foar folgjend seizoen yn de earste divyzje. Neffens De Graaf hat Cambuur ûngefear it fyfde budzjet. "Dan kan ik wel gaan roepen dat we kampioen worden, maar dan ga ik een verwachting wekken, wat niet realistisch is."โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Alve giele kaarten. Nea earder waarden der safolle kaarten útdield yn in bekerfinale. De fuotbalwrâld sprekt skande fan it gedrach fan de Ajax- en PSV-spilers en dy frustraasje dielt ek âld-fuotballer Maarten de Jong yn de Sportcast.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Pascal Bosschaart moat SC Cambuur nei fjouwer jier ferlitte, jierren wêr't er suksessen yn belibbe mei de klup. It beslút op himsels kin er akseptearje, mar de wize wêr't de direksje dat op fertelde net.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Der binne mar twa spilers yn Nederlân dy't mear kompetysjedoelpunten makken as Hearrenfean-spits Sydney van Hooijdonk. Dochs sjocht Geert Jelle de Vries leaver Roberts Uldrikis fan Cambuur yn de spits.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Cees Roozemond hâldt der nei fjouwer jier as direkteur by sc Hearrenfean mei op. It wienen pittige jierren, wêryn't hy ek de nedige ûnsympatike besluten nimme moast. Dochs sjocht Roozemond posityf nei de takomst fan de klup.โดย Omrop Fryslân
  continue reading
 
Loading …

คู่มืออ้างอิงด่วน